Nij en spesjaal Frysk e-book: ‘In reis nei it hert fan de Kongo’

Gepubliceerd op: 20 februari 2023 16:37

Op dizze dei fan de Memmetaal sette we graach in nij Frysk e-book yn it ljocht: ‘In reis nei it hert fan de Kongo’. In boek oer de aventoeren fan ûntdekkingsreizger Redmond O’Hanlon yn de jungle sykjend nei de Congodinosaurus. Net samar in e-book, mar in boek fol foto’s, yllustraasjes en kaarten. Bist lid fan de byb, dan kinst dit e-book fergees lêze.

Redmond O’Hanlon (1947) is in Britske reisskriuwer. Syn boeken ha oer de hiele wrâld miljoenen lêzers. Foar de VPRO makke er de seary “O’Hanlons Helden” (2012-2013) en wurke er mei oan in rekonstruksje fan de reis fan Charles Darwin op de Beagle (2009).

Foar it earst is syn wurk no yn it Frysk te lêzen, op in wize sa’t noch nea Frysk lêzen wurde koe. Dit e-book befettet foto’s, brieven, kaarten en objekten dy’t O’Hanlon sels oanlevere hat. Sa komt de lêzer noch tichter op de hûd fan de grandioaze ferteller dy’t O’Hanlon is. In unike lêserfaring!

En der is mear te dwaan yn it ramt fan de dei fan de memmetaal. Op Skylge is in foardrachtejûn yn de Skylger talen, yn Dokkum is in meartalige ferhalejûn en yn Frjentsjer is de alderearste Taaldâg Waadhoeke.
 

Nei it e-book