Bibliotheken Noord Fryslân komt mei in leuk heitedei kado foar bern yn Achtkarspelen

Gepubliceerd op: 9 juni 2023 12:54

heitedei

Bern yn de leeftiid fan twa oant en mei seis jier yn Achtkarspelen krije de kommende wike in boekelizzer en in boekje fan skriuwster Lyda Dijkstra kado. It is de bedoeling dat se it boekje en de boekelizzer oan harren heit of fersoarger jouwe op heitedei. De yntinsje fan dy aksje is dat âlden, en yn dit gefal de heiten mear begjinne te foarlêzen mei harren bern.

Taalplan Achtkarspelen

De heitedei-aksje komt fuort út Taalplan Achtkarspelen. Dat taalplan is der om it (foar)lêzen te stimulearjen en de Fryske taal. It Taalplan Achtkarspelen is in gearwurking tusken Gemeente Achtkarspelen, skoallen en berneopfang yn de gemeente, Cedin, SFBO en Bibliotheken Noord Fryslân. 

Lêzen en foarlêzen fergruttet de wurdskat

Lêzen en foarlêzen is fan grut belang foar de ûntwikkeling fan in bern. Want mei lêzen en foarlêzen fergruttest de wurdskat en soargest derfoar dat it bern better de taal begrypt en dêrrtroch ek better meikomme kin op skoalle. It is wichtich om al betiid út ein te setten mei it oanbieden en stimulearjen fan lêzen en de lêswille, yn de Fryske (memme)taal ek. Dat jildt foar bern dy’t út in folslein Frysk gesin komme, mar ek foar bern wêrfan’t ien âlder Frysk praat.

Op de foto mei dyn heit, fersoarger, pake of omke

By de heitedei-aksje is ek in aktiviteit betocht. Sa kinst yn biblioteek Surhústerfean en yn biblioteek Bûtenpost op 21 of 22 juny op de foto foar in greenscreen mei dyn heit, fersoarger, pake of omke. Meitsje in grappige, gekke, aardige of krekt in hiele leave foto mei in eigen keazen eftergrûn. Dy aktiviteit is fergees en foar elkenien.

Foto win-aksje #meimynmaatoppeplaat 

Kinst ek noch wat winne! Stjoer dyn greenscreen foto of in eigen foto mei jimme heit of fersoarger nei ús ta, want mei de makke foto makkest kâns op in aardich boekepakketsje.

Set dy foto op dyn Facebook of Instagram en pleats de hastag #meimynmaatoppeplaat of mail dyn foto nei educatie@bnfrl.nl. Op 13 july makket Tomke de winner bekend. Hâld ús Facebook / ontdekdebieb en ús website ontdekdebieb.nl/heitedei yn ‘e gaten. 

Op de foto steane wethâlder Sierd Vegelin mei syn neefke.