22-10: Trinus Riemersma-dei

Gepubliceerd op: 9 september 2022 09:09

Sûnder mis is Trinus Riemersma (Ferwert 1938–Frjentsjer/Ljouwert 2011) ien fan de grutste Fryske skriuwers fan nei de oarloch. Mei in grut en alsidich oeuvre: romans, gedichten, koarte ferhalen, toaniel, lieten en kollums. Genôch om in dei mei te foljen.

Moarns in programma dêr’t û.o. syn biografy oanbean wurdt, skreaun troch Doeke Sijens. De kommissaris fan de Kening, Arno Brok, nimt in nije edysje fan De reade boarre yn ûntfangst út hannen fan Jetske Bilker. Foar dizze, faaks syn bêste roman, krige Riemersma yn 1995 foar de twadde kear de Gysbert Japicks-priis. De moarn wurdt ôfsletten mei in film oer Riemersma.

De middeis kin yn groepkes oer in tal romans fan Riemersma diskusjearre wurde ûnder lieding fan in saakkundige. Meitsje in kuier troch Frjentsjer mei in stedsgids oan de hân fan Riemersma syn detective De mon sûnder gesicht of besykje de Riemersma-útstallingen yn de Bibliotheek en it Martena Museum.

Jûns in bûnt programma fol ferdivedaasje: gedichten, ferhalen, libbene kollums, muzyk mei sang en, ôfslutend, de humoristyske ienakter De skriuwer foar it doarpsbelang. Mei û.o. Sigrid Kingma (dichter fan Fryslân), Combo Jaap Hein Hilarides, Liuwe Westra, Akke Gerlsma, studinten NHL Stenden en Anna Maria van Schurman College, en Rederikerkeamer Demosthenes Dronryp. Foar in folslein programma, sjoch hjir.

Kaartsjes deiprogramma €7,50, jûnsprogramma €10; kombykaart €15. Studinten en skoalbern fergees op fertoan fan ID. Organisaasje: Academie van Franeker, yn gearwurking mei NHL Stenden en Tresoar.

Utstalling Trinus Riemersma yn Frjentsjerter Biblioteek

Yn oanrin nei de Trinus Riemersmadei op 22 oktober komt der in unike útstalling oer libben en wurk fan Riemersma yn de Frjentsjerter Biblioteek. Wethâlder Jan Dijkstra sil de útstalling iepenje op 30 septimber.

Trinus Riemersma (1938 – 2011) is ien fan de grutste Fryske skriuwers fan nei de Twadde Wrâldoarloch. Hy wenne en wurke it grutste part fan syn libben yn Frjentsjer. By it domein Letter & Geast fan de Academie van Franeker ûntstie ferline jier it idee om it wurk fan Riemersma yn de skynwerpers te setten. "Riemersma fertsjinnet dat", seit âld-heechlearaar Frysk Rolf Bremmer, sels lid fan L & G. "Twa kear waard syn wurk bekroand mei de Gysbert Japicx-priis, de heechste literêre priis fan de provinsje Fryslân. Boppedat krige er seis kear de Rely Jorritsmapma-priis foar ien fan syn koarte ferhalen of gedichten."

Bremmer socht kontakt mei Tresoar yn Ljouwert, dat it argyf fan Riemersma bewarret. De konservatoaren Jelle Krol en Meindert Reitsma reagearren entûsjast, doe 't it wurd 'útstalling' foel. "Mar dy moat wol yn Frjentsjer komme, want dêr is sa'n útstalling hielendal te plak". Ek de Biblioteek wie optein en woe graach meiwurkje. De útstalling waard gearstald ûnder lieding fan Doeke Sijens, biograaf fan Riemersma. Njonken stikken út Tresoar, binne der bysûndere objekten út partikulier besit te sjen. Wethâlder Jan Dijkstra sil de útstalling iepenje op 30 septimber om 16.00 oere yn de Biblioteek, Sint-Martiniplantsoen 41. Belangstellenden binne fan herte wolkom en de tagong is fergees.

Yn itselde ramt hat Museum Martena fan 30 septimber in romte ynrjochte mei seis byûndere portretten fan Riemersma, wêrûnder stikken fan de bekende Fryske skilders Sjoerd de Vries, Klaas Koopmans en Boele Bregman.

Programma

Kaartferkeap