Lês-mar-foar-wiken

Fan 1 o/m 25 septimber 2026 binne de Lês-mar-foar-wiken!

< Wêrom nei de jeugd

Oeral yn Fryslân foarlêze

Fan 1 o/m 25 septimber 2026 binne de Lês-mar-foar-wiken. Yn dy perioade wurdt oeral yn Fryslân foarlêzen: thús, op de berne-opfang, by gastâlden en op skoallen. Want wat is der no fijner as foarlêzen? Derneist is it in prachtige manier om it Frysk te stimulearjen. Boppedat fersterket tegearre in boekje lêze, plaatsjes oanwize en ferhaaltsjes fertelle ek de bân mei dyn bern.

It tema fan dit jier is 'aventoer'. In werkenber tema foar eltsenien dy't mei jonge bern te krijen hat!

De Lês-mar-foar-wiken yn de Bibleteek

Dûnsje met Tomke

Lekker harkje nei in ferhaal út it temaboekje 'Op aventoer' en dêrnei dit ferhaal dûnsje! By Willy van Danswil kinne de bern wer hearlik hippe, draaie en krûpe. 

Foar pjutten en beukers (2 o/m 4 jier), harren âlden en pakes en beppes.

Lês mear oer de dûns workshops fan Danswil

In ferhaal mei it ferhalekastje

Der binne twa aktiviteiten mei it fertelkastje.

Yn ferhaal mei de kamishibai (ferhalekastje) troch Siets Ypenga
It ferhaal giet oer in barchje, dat op ‘e buorkerij wennet yn in hokje, foar dat hokje in modderplas, dêr er graach yn sit. Mar dan makket de boerinne alles skin, ek it hokje en de modderpoel wurdt ek droeg makke. Dan wol barchtje dêr net langer wenje en hij rint fourt. Oeh dit wurdt spannend! 

Besjoch wêr'tst in ferhaal kinst betinke

In ferhaal betinke mei de kamishibai (ferhalekastje) mei WIlly van der Meer
Willy van der Meer makket tegearre mei de bern (fan 2 oant 4 jier) in ferhaal oer in jonge en in famke dy’t tegearre op aventoer wolle, mar dy’t net goed witte hoe't dat moat. Want wat is in aventoer? 

Tink derom: dizze foarstelling is allinnich op 1 oktober yn Bibleteek Hallum.

Oanmelde foar de foarstelling yn Hallum

Poppeteater Rozemarijn

Poppentheater Rozemarijn fan Janny Bron spilet in sfearfolle, mearkeseftige poppeteaterfoarstelling foar pjutten en beukers.

Jurre moat op 'e skatkiste fan 'e prinses passe, mar hy mei net yn 'e skatkiste sjen!

Tink derom: dizze foarstelling is allinich yn Bibleteek Dokkum. 

Oanmelde foar de foarstelling yn Dokkum

Kinderen tot 18 jaar zijn gratis lid van de bibliotheek!

Bern oant 18 jier binne fergees lid fan de biblioteek. Meist maksimaal 10 boeken, tydskriften en damp's tagelyk liene. Maksimaal 10 jeugd e-books de 3 wiken en tagong ta de online Biblioteek-app, twa kear fergees ferlingje en wy binne in boetefrije biblioteek!

Ja, ik maak mijn kind lid!


Boeketips foar pjutten en âldere bern