Lês-mar-foar-wiken

Fan 1 o/m 25 septimber 2026 binne de Lês-mar-foar-wiken!

< Wêrom nei de jeugd

Oeral yn Fryslân foarlêze

Fan 1 o/m 25 septimber 2026 binne de Lês-mar-foar-wiken. Yn dy perioade wurdt oeral yn Fryslân foarlêzen: thús, op de berne-opfang, by gastâlden en op skoallen. Want wat is der no fijner as foarlêzen?  Derneist is it in prachtige manier om it Frysk te stimulearjen. Boppedat fersterket tegearre in boekje lêze, plaatsjes oanwize en ferhaaltsjes fertelle ek de bân mei dyn bern.


Wolkom Tys & Teske

Wolkom Tys en Teske! Dizze twa fleurige figuerkes binne de nije gesichten fan de Lês-mar-foarwiken. Tegearre belibje se aventoeren, ûntdekke se moaie ferhalen en litte se sjen hoe leuk oft foarlêzen is.

Fergees foarlêsboekje

Foar pjutten (2-4 jier) ferskynt in nij foarlêsboekje fan Tys & Teske, fol mei ferhaaltsjes, ferskes en gedichtsjes. It tema fan 2026 is 'Spot oan!' en slút oan op it tema fan de lanlike 'Kinderboekenweek' yn oktober. It boekje is fergees op te heljen by de biblioteek.  

Fergees foarlêsboekje

Kinderen tot 18 jaar zijn gratis lid van de bibliotheek!

Bern oant 18 jier binne fergees lid fan de biblioteek. Meist maksimaal 10 boeken, tydskriften en damp's tagelyk liene. Maksimaal 10 jeugd e-books de 3 wiken en tagong ta de online Biblioteek-app, twa kear fergees ferlingje en wy binne in boetefrije biblioteek!

Ja, ik maak mijn kind lid!


Boeketips foar pjutten en âldere bern