Tomke op besite yn de biblioteek

Gepubliceerd op: 15 mei 2018 12:41

Fan 24 maaie o/m 5 july komt Tomke nei de biblioteken yn Noard Fryslân. Yn in prachtige poppekastfoarstelling wurde de bern meinaam nei in barbecue yn de tún fan Kornelia.

Pjutten en beukers binne fan herte wolkom by dizze foarstelling! It is fergees. Nei de tiid is der in Tomke-boekje en in moaie kleurplaat foar de bern.

Poppekastfoarstelling Romke en de Snoezewoef

Dizze foarstelling spilet op in moaie simmerdei yn de tún fan Kornelia. Der is in gesellige barbecue. Tomke hat in soad freontsjes: Romke, Yana Yu en Kornelia. Romke wol graach in freondintsje hielendal foar himsels ha. Hy wurdt fereale (ferliefd) op Snoezewoef, mar dat mei gjinien witte. Dat is geheim… Der ferdwine hieltyd dinkjes tidens de barbecue. Hoe kin dat, is der in dief? Tomke giet op ûndersyk út…

It ferhaal is skreaun troch Riemkje Hoogland. De poppekastfoarstelling wurdt spile troch Eric Postma. It tema freonskip slút oan by de aktiviteiten fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. Nei de poppekastfoarstelling krije de bern in Tomke-boekje en in kleurplaat mei nei hûs. Sa kinne se thús neigenietsje fan de aventoeren fan Tomke en syn freontsjes.

Tomke komt nei de folgjende biblioteken

Tongersdei 24 maaie    13.30 oere Dronryp
Tongersdei 24 maaie    15.30 oere  Sint Anne
Woansdei 30 maaie      15.30 oere  Kollum
Woansdei 6 juny           15.30 oere  Frjentsjer
Woansdei 20 juny         13.30 oere  Surhústerfean
Tongersdei 21 juny       15.30 oere  Bûtenpost
Tongersdei 28 juny       15.30 oere  De Westereen
Woansdei 4 july            15.30 oere  Harns
Tongersdei 5 july          15.30 oere  Dokkum 

Tomke komt op bezoek in de volgende bibliotheken

Van 24 mei t/m 5 juli komt Tomke naar de biblotheken in Noord Fryslân. In een prachtige poppenkastvoorstelling worden kinderen meegenomen naar een barbecue in de tuin van Kornelia. Daar zijn Tomke en al zijn vriendjes ook: Romke, Yana Yu en Kornelia. En...Snoezewoef! Maar dit vriendinnetje wil Romke eigenlijk voor zichzelf houden. Niemand mag dan ook weten dat hij stiekem verliefd is op haar. Dan verdwijnen er allemaal dingen tijdens de barbecue. Zou er een dief zijn? Tomke gaat op onderzoek uit...

Peuters en kleuters zijn van harte welkom bij deze gratis voorstelling! Na de voorstelling krijgen ze een Tomke-boekje en een kleurplaat mee naar huis. Zo kunnen de kinderen thuis nog nagenieten van de avonturen van Tomke en zijn vriendjes.