Jûn mei Willem Schoorstra en Jack Bottleneck

Gepubliceerd op: 8 maart 2019 12:33

Yn de Moanne fan it Fryske Boek giet skriuwer Willem Schoorstra op en paad mei muzikant Jack Bottleneck. Op ferskillende lokaasjes troch de hiele provinsje bringe se in programma oer de ‘blues’ yn syn meast brede betsjutting. Sa ek yn de Bibliotheek fan Dokkum.

Rosmos & the blues

Sawol de ferhalen fan Willem Schoorstra as de nûmers fan Jack Bottleneck binne rau en earlik, net sûnder humor en altyd fitaal. Rosmos & the blues giet oer fallen, oer hiel meitsjen en oer laitsjen. Rosmos & the blues giet oer it fieren fan it libben. Schoorstra: ‘De blues is it libben sels: rau en earlik, in stomp yn de mage, in skop ûnder de kont. It programma fan Jack Bottleneck en my docht krekt dat: it stompt yn de mage, it skopt ûnder de kont.’