Dûnsje mei Tomke foar pjutten en beukers

Gepubliceerd op: 23 april 2019 10:02

Fan 16 maaie o/m 2 july kinne pjutten en beukers dûnsje mei Tomke yn 9 bibleteken en yn MFC Trefpunt yn Hallum. Dêr binne dan muzikale workshops.

De workshop

Danswil (Willy fan Assen) fersoarget Dûnsje mei Tomke. In workshop fol beweging, muzyk en leuke moves foar echte wibelkonten. De workshop giet oer ús sintugen; priuwe, fiele, rûke, hearre en sjen…en oer dûnsje fansels! Pjutten en beukers binne fan herte wolkom by dizze bysûndere Tomke-workshop! Mei harren heiten, memmen en fersoargers fansels. De tagong is fergees (oanmelde hoecht net) en nei ôfrin is der it nije Tomke-boekje (fan 3 juny ôf) en in moaie kleurplaat foar de bern.

Yn de folgjende bibleteken

Tongersdei 16 maaie om 10.30 oere yn Kollum
Moandei 20 maaie om 10.30 oere yn Bûtenpost
Moandei 20 maaie om 13.30 oere yn Dokkum
Moandei 20 maaie om 15.30 oere yn Frjentsjer
Tiisdei 28 maaie om 10.30 oere yn Harns
Moandje 17 juni om 10.30 oere yn MFC Trefpunt yn Hallum, Singel 7
Tiisdei 18 juny om 15.30 oere yn De Westereen
Tongersdei 20 juny om 10.30 oere yn Dronryp
Tongersdei 20 juny om 15.30 oere yn Sint Anne
Tiisdei 2 july om 15.30 oere yn Surhústerfean

Workshop Dûnsje mei Tomke komt naar peuters en kleuters toe

Danswil (Willy van Assen) verzorgt Dûnsje mei Tomke (dansen met Tomke); een workshop vol beweging, met toffe muziek en leuke moves voor echte 'wiebelkonten'. De workshop gaat over onze zintuigen; proeven, voelen, ruiken, horen, zien... en dansen natuurlijk! Peuters en kleuters zijn van harte welkom bij deze bijzonderen activiteit! En hun vaders, moeders en verzorgers natuurlijk ook. De toegang is gratis (aanmelden is niet nodig) en na afloop krijgen de kindren (vanaf 3 juni) het nieuwe Tomke-boekje en een mooie kleurplaat.