It erfguod fan Waadhoeke: ferbûn, sichtber en tagonklik
Achter bedsteedoarren, yn doazen op solders en yn kelders, sels yn it heechste puntsje fan de tsjerketoer: de argiven fan de doarpen yn Waadhoeke lizze op bysûndere plakken. Sammele út leafde foar en belutsenheid by de eigen lokale skiednis en om bewarre te bliuwen foar takomstige generaasjes. Ali Bronger gong der de ôfrûne twa jier as kwartiermaker historische verenigingen Waadhoeke hinne. As âld-biblioteekmeiwurker en bestjoerslid fan Bildts Aigene wie dy rol har op it liif skreaun.
De opdracht kaam fan de gemeente. Oanlieding wie it nije kultuerbelied fan de gemeente. Martinus Visser, beliedsmeiwurker fan gemeente Waadhoeke, sjocht dat der hieltyd mear oandacht foar erfguod is. Mar yn de gemeentlike kultuernota fan 2018-2022 kaam it wurd erfguod net in soad foar. Der moast mear oandacht komme foar histoarje, de histoaryske ferienings moasten mear mei-inoar yn kontakt komme en kennis útwikselje en de fynberens en sichtberens fan harren argiven fertsjinnen oandacht. Alles om mei-inoar it ferhaal fan Waadhoeke, fan doe en no, better te fertellen. In ferhaal dat yn elkenien sit én yn doazen, hollen en mappen.
Ali fertelt: ‘Ik soe yn juny 2024 mei pensjoen, mar doe’t de gemeente frege oft ik dizze opdracht noch dwaan woe, like my dat in leuk projekt. En no kin ik sizze dat it noch folle leuker wie as ik doe betinke koe. Ik wist wol dat der histoaryske ferienings wiene, mar dat it der sáfolle wiene, dêr hie ik gjin idee fan. Ik gong mei elk yn petear, mocht rûnsjen op dy solders en achter de bedsteedoarren en wat opfoel: elkenien wol it goed dwaan, de lokale skiednis better op de kaart sette én elkenien stiet iepen foar gearwurking. In bettere boaiem koe ik my net winskje.’
Yn guon doarpen wurde nije ferieningen opset, yn oare doarpen wurdt ynset op digitalisearring, der fûn foar ’t earst yn jierren wer in Historische dag Waadhoeke plak. Der ferhuzen argiven nei doarpshuzen en biblioteken. Geweldige hichtepunten. Mar oandachtspunten sjocht Ali ek: ‘De finansjele situaasje fan guon ferienings is swak en ‘verjonging’ binnen de ferienings is lestich. ‘Ik bin der wol achter kaam ‘je moatte sels wat histoarje ha, om ynteresse yn histoarje te krijgen’.
De histoaryke ferienings dy’t hjoed by-inoar kaam binne sjogge elk werom. Yn Tsjummearum is it argyf ferhuze fan in sliepkeamer nei de skoalle yn it doarp. Yn Marsum waard ôfrûne jier foar ’t earst yn 35 jier wer in betinking fan de Twadde Wrâldoarloch organisearre. Yn Achlum en Skingen wurde nije ferienings oprjochten. En nee fansels is net alles in fear yn it achterste fan Ali, sa’t se it sels seit, mar der is wol mear kontakt en útwikseling. En dat haldt net op, no’t Ali écht mei pensjoen giet. Se draacht de waarme kontakten oer op kollega’s fan de biblioteek: Tsjalling foar de regio Sint Anne en Mirjam foar Frjentsjer en Dronryp. Yn dy biblioteken wurdt de kommende moannen wurke oan it sichtber meitsjen fan ergfuod en in gruttere kolleksje. Yn oktober, de maand van de geschiedenis, wurde de Historische Informatiepunten Waadhoeke feestlik iepene.
‘Ik bin grutsk op jim, op hoe’t jim elk jim eigen ferline op de kaart sette. Ik slút op syn Biltsk ôf: Elk het wel ‘s ferlet fan ‘n skouderkloppy, al is’t mar met ‘n fingertoppy. Ik doch it net mei in fingertopke, mar mei de hiele hân. Ant kiekes!’