• Mear witte oer meartaligens

    Meartaligens is hiel gewoan; yn Europa wenje 50 miljoen minsken dy’t eltse dei twa as mear talen prate. Bern kinne al op hiel jonge leeftyd Frysk en in oare taal leare. Dêrtroch ûntwikkelje se in better taalgefoel wêr’t se letter in protte foardiel fan hawwe.

    Meertaligheid is heel gewoon; in Europa wonen 50 miljoen mensen die iedere dag twee of meer talen spreken. Kinderen kunnen al op heel jonge leeftijd Fries en een andere taal leren. Daardoor ontwikkelen ze een beter taalgevoel en daar hebben ze later veel baat bij.

  • Fryske Foarlêswike

    Tidens de Fryske Foarlêswike fan 4 o/m 8 juny wurde pjutten rûnom foarlêzen: op pjutteplakken, bernedeiferbliuwen en by gastâlden. Ek yn de bibleteken wurdt de hiele moanne juny yn it Frysk foarlêzen. Foarich jier harken tûzenen bern nei de ferhalen fan Tomke en krigen alteast 18.000 bern in Tomke-boekje mei nei hûs.

    Tijdens de Fryske Foarlêswike van 4 t/m 8 juni wordt massaal aan peuters voorgelezen in peuterspeelzalen, kinderdagverblijven en gastouders. In de bibliotheken wordt tot eind juni in het Frysk voorgelezen. Vorig jaar luisterden duizenden kinderen naar de verhalen van Tomke en kregen maar liefst 18.000 kinderen een Tomke-boekje mee naar huis.

  • Fryske apps

    Bern wurde grutbrocht yn in digitale wrâld. In ferhaal lêze, in ferske sjonge, in spultsje boartsje en wurden leare kin allegear mei apps. Dit is in moaie oanfolling op boeken, spultsjes, cd’s ensafierder. Wolle jo jo bern yn it Frysk grutbringe? Dan fine jo hjir in moaie seleksje Fryske apps, gearstald troch Heit&Mem en de Afûk.

    Kinderen groeien op in een digitale wereld. Een verhaal lezen, liedjes zingen, spelletje spelen en woorden leren kan met apps. Deze vormen een mooie aanvulling op boeken, spellen, cd's enzovoort. Wilt u uw kinderen Frysk opvoeden? Dan vindt u hier een mooie selectie Fryske apps, samengesteld door Heit&mem en de Afûk.

  • Tomke radio

    Harkje nei in ferhaal fan Bear Boeloe, de aventoeren fan Tomke as de moaiste Fryske ferskes? Dat kin allegear op Tomkeradio. 24 oeren deis de moaiste Fryske berneradio! Mei ferskes en ferhaaltsjes foar bern tusken 2 en 7 jier âld.

    Luisteren naar een verhaal van Bear Boeloe,
    de avonturen van Tomke of de mooiste Friese liedjes? Dat is allemaal mogelijk op Tomkeradio. 24 uur per dag de mooiste Friese kinderradio! Met liedjes en verhaaltjes voor kinderen tussen de 2 en 7 jaar oud.

kinderen gratis lid en iedereen boetevrij

Is jo bern al fergees lid fan de boetefrije Bibleteek? Om noflik foar te lêzen hat de Bibleteek in wiidweidige kolleksje fantasyrike printeboeken. De bibleteekmeiwurkers helpe jo graach by it sykjen nei in boek dat past by jo bern.

Is uw kind al gratis lid van de boetevrije Bibliotheek? Om lekker voor te lezen heeft de Bibliotheek een uitgebreide collectie fantasierijke prentenboeken. De bibliotheekmedewerkers helpen u graag bij het zoeken naar een boek dat past bij uw kind.