Poppekast Romke en de Snoezewoef yn Sint Anne

24 mei 2018, van 15:30 tot 16:00 | Biblioteek Sint Anne

Kosten: Fergees

Deze activiteit heeft in het verleden plaatsgevonden. Klik hier voor alle actuele activiteiten.

Dizze foarstelling spilet op in moaie simmerdei yn de tún fan Koarnelia. Der is in gesellige barbecue. Tomke hat in soad freontsjes: Romke, Yana Yu en Kornelia. Romke wol graach in freondintsje hielendal foar himsels ha. Hy wurdt fereale (ferliefd) op Snoezewoef, mar dat mei gjinien witte. Dat is geheim... Der ferdwine hieltyd dinkjes tidens de barbecue. Hoe kin dat, is der in dief? Tomke giet op ûndersyk út...

Pjutten en beukers binne fan herte wolkom by dizze foarstelling! It is fergees. Nei de tiid is der in Tomke boekje en in moaie kleurplaat foar de bern.

De foarstelling is skreau troch Riemkje Hoogland, spile troch Eric Postma. it tema freonskip slút oan by de aktiviteiten fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018.