Dûnsje mei Tomke yn Kollum

16 mei 2019, van 10:30 tot 11:30 | Bibleteek Kollum

Kosten: Gratis

Danswil (Willy fan Assen) fersoarget Dûnsje mei Tomke. In workshop fol beweging, mei toffe muzyk en leuke moves foar echte ‘wibelkonten’. De workshop giet oer ús sintugen; priuwe, fiele, rûke, hearre, sjen… en dûnsje fansels! Pjutten en beukers binne fan herte wolkom; mei harren heiten, memmen en fersoargers fansels. De tagong is fergees en nei ôfrin is der in moaie kleurplaat foar de bern en (fan 3 juny ôf) it nije Tomke-boekje.